Twongen tút: gjin ferkrêfting

© Omrop Fryslân
In twongen tongtút is gjin ferkrêfting. Dat oardielt de Hoge Raad. Neffens de ried kin in ûnfrijwillige tongtút ek ûnder in lichter wetsartikel falle, bygelyks ûnder oanranding. Yn in earder oardiel waard sein dat elke foarm fan seksueel yndringen fan it lichem sjoen wurde moat as ferkrêfting. Mar by in twongen tongtút wurdt in feroardieling foar ferkrêfting as ûnrjochtfeardich sjoen, seit de Hoge Raad.
It oardiel komt nei oanlieding fan in saak yn Ljouwert. Yn it húske fan it sikehûs MCL joech in man in frou tsjin har sin in tongtút.
Sy wie it húske oan it himmeljen doe't de man har beetpakte en syn tonge yn har mûle treau. It Gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert moat de saak no opnij beoardiele.