Ien famke fermist, ien fûn

It 16-jierrige famke út Berltsum dy't sûnt ôfrûne sneon fermist wurdt, is noch hieltyd net terjochte. De plysje hat nei har socht en in oprop dien om nei it famke út te sjen, mar dat hat noch neat opsmiten. De plysje hat gjin idee wêr't se wêze kin.
It 16-jierrige famke út Ljouwert dy't ek fermist waard, is terjochte. Sy wie op 16 febrewaris foar it lêst sjoen yn har wenplak. Tiisdei waard se fûn yn in hûs yn Ljouwert en nei de plysje brocht.