Eigener sjocht stellerij auto

12 mrt 2013 - 10:16

De plysje hat moandeitemoarn in 37-jierrige Ljouwerter oanholden om't er in auto stellen hie. De eigener fan de auto, in 31-jierrige man út Frjentsjer, wie sneintejûn yn syn wenplak út iten en seach fanút it restaurant dat in man yn syn auto stapte en fuort ried. Hy warskôge de plysje.

Letter krige de plysje in melding dat in man besocht yn te brekken yn in wenning yn Deinum. Nei alle gedachten gie it om deselde man. De plysje koe him by Ritsumasyl oppakke en hat him ynsletten.

Yn it ferhoar op it buro bekende hy dat er de auto stellen hie. Dy waard juster oantroffen yn de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert. De fertochte is oerbrocht nei in GGZ-ynstelling, omdat er neffens de plysje in betize yndruk makke.

Trefwurden: 
ynbraak autostellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)