Ferlotting om keapsnein

Sân supermerken op It Hearrenfean lotsje tiisdei om hokker winkel iepen mei op snein. De gemeente jout twa supermerken in fergunning om alle sneinen de doarren iepen te dwaan, ien yn it sintrum en ien dêrbûten. It giet om in proef fan in jier.
De supermerken wolle sjen oft der belangstelling is fan Feansters om ek op de snein boadskippen te dwaan. Se binne no mar twa kear yn it jier iepen, as der op It Hearrenfean in keapsnein is. De ferlotting is tiisdeitemiddei en wurdt dien troch wethâlder Coby van der Laan.