Snitser bliuwt langer fêst

11 mrt 2013 - 16:42

De Snitser (26) dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan in 28-jierrige man út Snits, moat fjirtjin dagen langer fêstsitte. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. It slachtoffer waard ôfrûne freed dea fûn yn it hûs fan de fertochte, in flatwenning oan de Parkstrjitte yn Snits. De man wie troch geweld om it libben kaam.

Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. De plysje wurket mei tweintich resjersjeurs oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)