Westerener bakker de leukste

11 mrt 2013 - 16:17

Echte Bakker Eddy de Jong fan De Westereen is de leukste bakker fan Fryslân. De Jong is fyfde yn de striid fan leukste bakker fan Nederlân wurden. Op nûmer 9 stiet bakkerij Riemersma de Korenschoof út Kollum.

Bakkerij Riemersma hat mei in 9,35 wol in heger rapportsifer as de 9 fan De Jong. Mar de bakker út De Westereen hat mei 409 stimmen mear as hûndert stimmen mear helle as de Kollumer bakker. Dêrom is de Westerener bakker heger einige.
De winnende bakker komt út Delft.

Neffens soan Roelof de Jong is ynnovaasje wichtich by bakkerij De Jong. Mei epobôle en elfsnedenbrood spylje de Westereners yn op de aktualiteit. De Jong wol dat de klanten by him leuk winkelje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)