H'fean sleept VI foar rjochter

Haadredakteur Johan Derksen fan Voetbal International © ANP
SC Hearrenfean sleept Johan Derksen en wykblêd Voetbal International foar de rjochter. Dat meldt De Telegraaf. Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra easket dat Derksen syn eardere bewearings oer 'gesjoemel' mei sifers by de klup weromnimt. Derksen die dy bewearings yn de VI, mar ek op TV by RTL.
Neffens Derksen soe Robert Veenstra boekhâldkundige trúkjes tapast ha om de finansjele problemen fan de klup ôf te skowen op syn foargonger. Ek soe Veenstra ûnterjochte sein ha dat de klup by syn oantreden yn 2010 hast fallyt wie.
Derksen basearre syn ferhaal op útlittings fan âld-foarsitter Riemer van der Velde. Veenstra en Sportklup Hearrenfean easkje no dat Derksen syn wurden weromnimt. Docht er dat net, dan wolle Veenstra en de klup dat er in twangsom fan in heal miljoen euro betellet. No freed tsjinnet it koart pleit.