Yndia groeimerk foar lânbou

De lânbou yn Noard-Nederlân kin jild fertsjinje yn Yndia. De noardlike ûntwikkelingsmaatskippij NOM sjocht grutte kânsen no't it regear yn Yndia goedkeuring jûn hat oan tal fan gearwurkingsprojekten mei Nederlân op it mêd fan lânbou.
It giet ûnder oare om jirpelproduksje en melkfeehâlderij. Omdat Friezen dêr tradisjoneel goed yn binne sjocht de NOM grutte kânsen op ekstra wurkgelegenheid. It giet dan bygelyks om banen by bedriuwen dy't lânboumasines meitsje, mar ek op it mêd fan lânbouûnderwiis. It regear yn Yndia lûkt hjir jild foar út.
De Dairy Campus yn Ljouwert soe dêr fan profitearje kinne.