Toner stellen yn Drachten
By in ynbraak yn in bedriuw oan De Roef yn Drachten is sneintejûn foar tûzenen euro's oan guod stellen. It giet om toner en inktcartridges. De dieders koene it bedriuw ynkomme troch in rút te fernielen.
De plysje is noch dwaande mei in ûndersyk nei de ynbraak.