Wind tredde op NK survival

10 mrt 2013 - 15:45

Kerst Wind fan Eastersee is op it iepen Nederlânsk kampioenskip survival as tredde einige. Oer in parkoers fan 17 kilometer mei mar leafst 68 hindernissen wie Jochum Bruggink út Venlo úteinlik de fluchste. Omdat de nûmer twa Michael de Cooman út België komt (Gent), is Wind twadde fan Nederlân.

Troch de kâlde waarsomstannichheden wie de tolfde edysje fan de survivalrun fan Koatstertille de dreechste út de skiednis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)