Oenema pakt brûns op 500 meter

Thijsje Oenema hat snein brûns pakt op de twadde 500 meter by de wrâldbekerfinale yn Thialf. De rydster fan De Jouwer sette in tiid del fan 38,10. De winst gong nei de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee, dy't mei 37,77 krekt wat rapper wie as de Sinese Beixing Wang (37,78).
De winst wie genôch foar Lee foar de winst yn it wrâldbekerklassemint. Sy ferlear mar ien kear dit seizoen en die twa kear net mei. Oenema einige as bêste Nederlânse yn de einstân, op plak seis. Margot Boer kaam troch gryp net yn aksje.
Thijsje Oenema, Laurine van Riessen en Margot Boer sille foar Nederlân oan de start ferskine op de 500 meter by de WK ôfstannen oer krapoan twa wike yn it Russyske Sotsji.