Lykspul foar skakers Philidor

10 mrt 2013 - 14:02

It duel yn de earste klasse fan de skaakkompetysje tusken Philidor Ljouwert en Zukertort Amstelveen is sneon yn in lykspul einige. De Ljouwerters hienen yn dizze thúswedstriid eins in oerwinning nedich om yn de race te bliuwen foar it kampioenskip. Der wiene foarôf wol kânsen, om't it team fan Zukertort twa fan har sterkste spilers net opstelle koe. Mar it slagge net om hjir gebrûk fan te meitsjen. Philidor bliuwt yn de kompetysje op it twadde plak. De achterstân op koprinner Max Euwe Enschede is wol grutter wurden.

As Enschede de lêste twa ronden wint, kin it net mear ynhelle wurde troch Philidor.

Trefwurden: 
Philidor 1847 skake
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)