'KNSB moat nij Thialf stypje'

10 mrt 2013 - 13:35

De KNSB moat de plannen foar in nij Thialf 'foar 100 %' stypje en net ferskate plakken yn Nederlân tsjin elkoar útspylje. Dat seit deputearre Hans Konst yn reaksje op it útskriuwen fan in priisfraach troch de KNSB en sportkoepel NOC/NSF. Njonken Thialf hawwe ek Almere en Zoetermeer plannen foar in nij iisstadion.

De Fryske Steaten hawwe yn desimber 50 miljoen euro beskikber steld foar in nij Thialf. Fan it ryk en it bedriuwslibben moat der noch 56 miljoen euro komme. Dat wurdt mei de opstelling fan de KNSB in stik dreger tinkt Konst.

Ald-bûnscoach Henk Gemser makket him ek drok om de opstelling fan reedridersbûn KNSB. It bûn moat bliid wêze mei de nijbouplannen op It Hearrenfean. Hy snapt net dat it bûn komt mei in priisfraach tusken ferskate nijbouplannen yn Nederlân. Yn juny prate de steaten op 'e nij oer Thialf. Dan moat der ek mear dúdlik wêze oer de eksploitaasje en de bydragen fan it ryk en it bedriuwslibben. De KNSB en NOC/NSF meitsje op 28 maaie bekend watfoar iisstadion oft de kommende jierren de topsportstatus krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)