Fyts by tsjerke stellen

10 mrt 2013 - 13:03

De plysje hat sneintemoarn yn Boarnburgum in fytsedief oanhâlden. Tsjûgen seagen dat in 43-jierrige man sûnder fêst wenplak in fyts meinaam dy't by de tsjerke oan de Easterbuorren stie. De fyts stie nte op slot. De plysje hat de man oanhâlden en nei it buro brocht. De fyts is by de eigener werom.

Trefwurden: 
plysje fytsedief Boarnburgum
(advertinsje)
(advertinsje)