Plusbus foar âlderein Kollum

Gemeente Kollumerlân
Yn Kollum begjint moandei it projekt Plusbus Kollumerlân. Doel is dat âlderen stimulearre wurde mei-inoar fan alles te ûndernimmen. Elke moanne wurdt in programma oanbean mei útstapkes en tsjinsten. De Plusbus bringt de minsken foar in lytse fergoeding nei bygelyks de biblioteek of nei de supermerk om te boadskipjen.
Minsken kinne ek nei in eksposysje of in rûnrit meitsje of sels betinke wêr't se hinne wolle. It Plusbus-projekt is in inisjatyf fan de gemeente yn gearwurking mei wolwêzensorganisaasje Timpaan en it Nationaal Ouderenfonds.