Koeman sms't nei Van Basten

10 mrt 2013 - 12:42

Trener Marco van Basten fan SC Hearrenfean hat nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PSV in sms-ke krigen fan syn kollega Ronald Koeman fan Feyenoord. SC Hearrenfean wûn sneontejûn mei 2-1 fan koprinner PSV. Dy útslach is geunstich foar Feyenoord. De Rotterdammers spylje snein tsjin Roda JC en kinne by winst yn punten op likense hichte komme mei PSV. Help fan oare klups is moai, mar je moatte it likegoed noch wol sels dwaan, seit Koeman. Mar hy hat Van Basten dochs in berjocht stjoerd, ek om him te lokwinskjen mei de oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)