'Net mear op de man spylje'

10 mrt 2013 - 12:37

Riemer van der Velde ropt op om dermei op te hâlden om op de man te spyljen. De eare-foarsitter fan SC Hearrenfean reagearre yn it radioprogramma Buro de Vries dêrmei op de reboelje by de klup dêr't de lêste tiid in soad omtinken yn de media foar is. Van der Velde hat in tal ferbetterpunten oanjûn en fynt himsels dêrmei inkeld de boadskipper. Hy sjocht himsels amper as partij yn de diskusje.

De krityk hat him en syn frou bot rekke. As supporter fan de klup hat er sneon de wedstriid sjoen dy't SC Hearrenfean wûn fan PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)