Snitser troch geweld omkaam

Deade man fûn yn Snits © Jaring Rispens
De man dy't freed dea fûn waard yn in hûs oan de Parkstrjitte yn Snits, is troch geweld om it libben kaam. Dat hat bliken dien út seksje op it lichem, meldt de plysje. It slachtoffer is in Snitser fan 28 jier. De man waard freed dea fûn yn in fletwenning. De bewenner fan dat hûs sit fêst op fertinking fan belutsenheid by it misdriuw. Wat der krekt gebeurd is, is noch net dúdlik. De plysje wurket mei tweintich resjersjeurs oan de saak. Der wurdt noch altyd ûndersyk dien yn de buert.