Fermiste Ljouwerter dea fûn

10 mrt 2013 - 11:19

De plysje hat yn de Frânske Pyreneeën it lichem fûn fan de 30-jierrige Steve van Houten út Ljouwert. Dat meldt syn famylje. Van Houten waard sûnt ein novimber fermist. Hy wie de bergen yngien, omdat er psychyske klachten hie en ta rêst komme woe.

Sykaksjes dêrnei smieten oant no ta neat op. It is noch net krekt bekend wat der mei de Ljouwerter bard is. Dat heart de famylje letter snein, is de ferwachting.

(advertinsje)