Stellerij út restaurant

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach is sneontejûn in 32-jierrige man út Utrecht oanhâlden, fanwege stellerij. De plysje hie in tip krigen dat personiel fan in restaurant oan de Haadstrjitte in dief betrape hiene. De man wie nei alle gedachten mei in pear oaren it restaurant yngien om har slach te slaan. Mar it personiel kaam har oer it mad, wêrtroch't se de man út Utrecht te pakken krije koene. De oare fertochten koene útnaaie. Guon personielsleden misse har beurs nei de stellerij.