Fryske plysjes net fit genôch

Ien op de trije plysjes yn Fryslân is net fit genôch foar it plysjewurk. Se binne net fluch genôch en ha in te swakke kondysje om by bygelyks in achterfolging in fertochte te achterheljen en te arrestearjen. Dat docht bliken út ûndersyk fan RTL Nieuws.
Plysjes dy't wapen en wapenstôk hawwe, moatte sûnt ferline jier alle jierren ferplicht in fitheidstest dwaan. Lanlik is ien op de fiif sakke foar de test. Yn Fryslân skoare de plysjes ûnder de noarm.
Neffens plysjesjef Ruud Bik fan de nasjonale plysje moatte de Fryske plysjes dêrom mear enerzjy stekke yn de fitheidstest. Mei-inoar sitte alve fan de eardere 26 regionale plysjekorpsen ûnder de noarm fan 80%. It eardere Fryske regionale korps skoarde nei de regio Rijnmond it minste yn de sifers fan RTL Nieuws.