Kramer alwer de bêste op 5 km

09 mrt 2013 - 17:28

Sven Kramer hat sneon by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean opnij sjen litten dat er de alderbêste is op de 5 kilometer. De rider fan It Fean notearre in winnende tiid fan 6.10.78 en wie dêrmei hast fiif tellen rapper as Jorrit Bergsma dy't mei 6.15.74 it sulver pakte. It brûns wie foar Bob de Jong, dy't 6.18.26 klokte.

It twadde plak smiet Bergsma 120 punten op, wat genôch wie foar de winst yn it einklassemint om de wrâldbeker op de lange ôfstannen.

Kramer wie al pleatst foar de 5 kilometer yn Sotsji oer twa wiken. Njonken Kramer ferskine ek Jorrit Bergsma en Bob de Jong oan de start by de WK ôfstannen op de 5 en 10 km.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)