ONS docht plicht tsjin VVOG

09 mrt 2013 - 16:54

Koprinner ONS Boso Snits hat sneon mei 3-1 wûn fan de nûmer fiif VVOG. Nettsjinsteande de hege plakken op de ranglist fan beide ploegen bleau de spanning yn de earste helte út. Yn de twadde waard it publyk traktearre op mear fjoerwurk.

Martijn Roosenburg sette ONS mei in moai ôfstânskot nei in goed oere op 1-0. Fuort dêrnei makken de gasten út Hurderwijk de lykmakker. Ut in frije traap wie it oanfierder Chris de Wagt dy't de Snitsers opnij op foarsprong sette. Roosenburg bekroande de wedstriid mei in prachtige folly heech yn de krusing.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)