Wüst wint 3 km yn baanrekôr

09 mrt 2013 - 15:42

Ireen Wüst hat sneon mei oermacht de 3000 meter by de wrâldbekerfinale yn Thialf wûn. De regearjend Europeesk- en wrâldkampioene klokte mei 3.58.68 as earste rydster in tiid ûnder de fjouwer minuten op it iis fan Thialf. It âlde baanrekôr fan Wüst stie al sûnt febrewaris 2007 op 4.00.28. It sulver gong nei Diane Valkenburg mei 4.04.75. Linda de Vries waard tredde mei in tiid fan 4.04.87.

Wüst stiet oer in lytse twa wiken mei Diane Valkenburg en Linda de Vries oan de start by de 3 kilometer op de WK ôfstannen yn Sotsji.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)