Hûs mei ierdwaarmte ferwaarmje

09 mrt 2013 - 15:31

Ljouwert siket in wenwyk om mei ierdwaarmte te ferwaarmjen. De kosten om soks bygelyks yn Nijlân te dwaan wurde rûsd op sa'n 80 miljoen euro. De plannen binne konkreet en al op koarte termyn út te fieren. Wol moat noch mei bewenners praat wurde. It giet om in wenwyk, dy't yn syn gehiel enerzjyneutraal wurde wol. Yn sa'n stedsdiel fan sa'n 2000 huzen moatte alle bewenners meidwaan.

Bewenners slute in 20-jierrich kontrakt ôf mei de gemeente, mar ha dan gjin enerzjykosten mear. Dy kosten sille de kommende tsien jier ferdûbelje.

By ierdwaarmte wurdt de waarmte op 3 kilometer djip út de grûn helle. Mei it wetter fan 110 graden kinne hiele wenwiken ferwaarme wurde. Ek sikehûs MCL hat ynteresse foar ierdwaarmte. En de gemeente praat mei wenningkorporaasjes en boubedriuwen. Nei it finen fan de earste wenwyk, is it de bedoeling dat der mear folgje. Fiif wenwiken komme foar renovaasje yn de beneaming. De earste wenwyk soe oer trije jier klear wêze moatte. Ljouwert hat as doelstelling om yn 2020 ûnôfhinklik fan fossile brânstof te wêzen.

Trefwurden: 
Ljouwert ierdwaarmte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)