Finzenispersoniel yn aksje

09 mrt 2013 - 14:42

Wurknimmers fan de finzenis yn Ljouwert binne sneon ôfreizge nei de finzenis yn Hoogeveen. Dêr ha se yn unifoarm aksjefierd foar it behâld fan de finzenissen yn it Noarden. Se diene dat by de Ronde van Drenthe. De rûte fan dizze hurdfytsklassiker gie lâns de finzenis yn Hoogeveen.

Oanlieding is in útlekt besunigingsplan fan steatssiktaris Teeven fan justysje. Dêryn stiet dat 11 fan de 29 finzenissen yn Nederlân ticht moatte. Oer in moanne wurdt bekend watfoar finzenissen oft dat binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)