Frachtwein kantele op N357

09 mrt 2013 - 12:58

Op de Ljouwerterdyk, de N357, by Blije is om tolve oere hinne in frachtwein kantele. De lading bestiet út frituerfet en dat is op de dyk telâne kaam. Der is gjin ien ferwûne rekke. Ien rydbaan is ôfsletten. De berging en it skjinmeitsjen fan de dyk sil inkele oeren duorje.

Trefwurden: 
plysje ferkear N357
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)