Aksje tsjin hierferheging

09 mrt 2013 - 12:39

Friezen dy't in hierhûs hawwe, moatte yn aksje komme tsjin de plande hiersferheging. Dat seit Liza Beerda fan Woonbond Friesland. It kabinet wol de hier mei sa'n 4 oant 6,5 prosint ferheegje foar minsken dy't mear fertsjinje as 34.000 euro. Beerda is benaud dat dit ta grutte problemen liede kin, om't hierders faak op tal fan oare mêden ek hieltyd mear kosten krije. Woonbond Friesland ropt hierders op om dizze problemen kenber te meitsjen. Dat kin troch in brief te skriuwen nei Earste Keamerleden. Dy prate nije wike oer it plan.

Hierders kinne ek by de wenningstifting beswier meitsje.

Trefwurden: 
hierders hierferheging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)