Plan foar brede opset iishal

De Stichting MIC Friesland & Proplan Ontwikkeling binne teloarsteld yn de polityk dat by de nijbouplannen fan de iishal yn Ljouwert net foar in bredere opset keazen wurdt. De inisjatyfnimmers ha in plan útwurke foar in duorsum multyfunksjoneel sportsintrum mei dêryn as basis in 400 meter reedryd-en atletykakkommodaasje, dy't unyk is foar Fryslân. It kostet trije miljoen euro ekstra. De Stichting MIC Friesland hat sûnt 2009 praat mei gemeente, provinsje en de iishal yn Ljouwert. De stichting is net belutsen by de plannen fan de nije iishal.