Sponsors noed oer Hearrenfean

09 mrt 2013 - 11:39

In grutte groep sponsors fan Sportklup Hearrenfean makket him bot soargen oer de takomst fan de fuotbalklup. Dat skriuwt ien fan dy sponsors, direkteur Paul Olijve fan De Haan Westerhoff, sneon yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante.

Oanlieding dêrfoar is in artikel fan Albert van Keimpema earder dizze wike yn de Corner, it blêd fan de fuotbalklup dat hûs-oan-hûs ferspraat wurdt. Yn dat stik wurdt praat oer 'gekwetste sponsor-ego's' en wurdt âld-foarsitter Riemer van der Velde delsabele.

De sponsors wolle dat elk dy't belutsen is by de klup de rigen slút en ophâldt elkoar fia de media de grûn yn te boarjen. Yn reaksje seit de direksje fan Sportklup Hearrenfean dat dy net yngean wol op de kwestje, de klup wol dit net fia de media útprate. Supportersferiening NieuwNoord sprekt op har webside fan in persoanlike oanfal op Van der Velde.

(advertinsje)