GL: 'KNSB moat Thialf kieze'

09 mrt 2013 - 11:05

Thialf moat net meidwaan oan de wedstriid fan it iisbûn KNSB om de topsportstatus. Dat fynt de steatefraksje fan GrienLinks. Njonken de iisbaan op It Hearrenfean binne ek de banen fan Almere en Zoetermeer by de KNSB yn byld foar dy status. Wa't wint mei alle ynternasjonale toernoaien organisearje dy't Nederlân krijt. GrienLinks fynt de wedstriid net nedich. Hearrenfean hat it bêste stadion fan Nederlân, hielendal nei de fernijbou dy't op priemmen stiet. Neffens GrienLinks moat de KNSB gewoan kieze foar Thialf.

As dat net bart, kin de provinsje ek net 50 miljoen euro mienskipsjild yn de fernijbou stekke, fynt de partij. De striid om de topsportstatus makket in soad los by ûndernimmers, bestjoerders en âld-topsporters dy't sneon by elkoar kamen om oer de takomst fan Thialf te praten. Op 28 maaie wurdt dúdlik watfoar baan oft de topsportstatus krijt. Kommissaris fan de Keningiinne, John Jorritsma, is der wis fan dat Thialf de striid wint, want neffens him meitsje Almere en Zoetermeer gjin kans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)