Meiwurkster stelt jild út kas
In 19-jierrige meiwurkster fan in supermerk yn Hurdegaryp is freed oanhâlden. Se wurdt derfan fertocht dat se jild stellen hat út de kassa. De frou soe oer in langere perioade in bedrach fan sa'n twatûzen euro fertsjustere ha. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de supermerkmeiwurkster.