Punt foar Cambuur by Telstar

08 mrt 2013 - 22:30

Sportklup Cambuur hat in punt oerhâlden oan de útwedstriid tsjin Telstar. De wedstriid einige yn 1-1, mar op basis fan de twadde helte hie Cambuur mear fertsjinne. De earste helte wie fan beide kanten net bêst. Nei 40 minuten kaam Telstar op 1-0 troch in goal fan Jergé Hoefdraad.

Yn de twadde helte spile Cambuur in stik better, mei troch de ynbring fan de ynfallers Oebele Schokker en Martijn Barto. In protte kânsen waarden mist, mar yn de 83e minút skeat Schokker mei in hurd skot de 1-1 einstân op it skoareboerd.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)