Prins Carlos op beamfeestdei

08 mrt 2013 - 17:09

Prins Carlos de Bourbon de Parma, de soan fan prinses Irene, komt op 20 maart nei Ljouwert foar de lanlike fiering fan de nasjonale beamfeestdei. De dei wurdt nei goed tritich jier wer yn Ljouwert hâlden. Mear as fiifhûndert bern sille in beam plantsje yn de Ljouwerter wyk Súdlannen.

De prins sil de earste saneamde keningsbeam fan Nederlân oerlangje oan boargemaster Crone fan Ljouwert. Op 30 april kriget de beam in prominint plak yn de stêd. De keningsbeam is in inisjatyf fan de stifting Nationale Boomfeestdag en de oranjeferienings.

Trefwurden: 
Prins Carlos beamfeestdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)