Westra 6e yn etappe Parys-Nice

08 mrt 2013 - 16:35

Hurdfytser Lieuwe Westra is yn de 5e etappe fan Parys-Nice as sechsde einige. Yn de keninginnerit mei finish berchop moast de Vacansoleilrenner 33 tellen tajaan op etappewinner Richie Porte. De Australyske koereur fan Team Sky stiet no yn it algemien klassemint ek earste. Lieuwe Westra stiet tredde, op 42 tellen fan Porte.
Snein einiget Parys-Nice mei in yndividuele klimtiidrit.

Yn Parys-Nice fan ferline jier einige Westra as twadde, efter de lettere Tour de Francewinner Bradley Wiggins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)