Snitsers oppakt foar drugs

08 mrt 2013 - 15:36
Snits - Foto: Omrop Fryslân

Yn Snits binne tongersdeitemiddei trije persoanen oanhâlden yn ferbân mei drugshannel. De plysje hie ynformaasje krigen dat der hannele wurde soe yn drugs yn in wenning oan de Morrahemstrjitte. By de ynfal binne twa manlju fan 33 en 37 jier oanhâlden en in 33-jierrige frou. Se komme alle trije út Snits.

Trefwurden: 
Snits drugs
(advertinsje)
(advertinsje)