Blikfabryk ferset beakens

Blikfabryk Ardagh yn Ljouwert sil kommende jierren mear as tsien miljoen euro ynvestearje yn nije aktiviteiten. Se meitsje no spuitbussen en ferveblikken, mar dat rint net sa goed troch de krisis yn de bou. It bedriuw moast ferline jier by in reorganisaasje 40 minsken dien jaan. It fabryk sil him no rjochtsje op it meitsjen fan blikken foar poppe-iten en molkpoeier. Dêr is in soad fraach nei, benammen yn Azië. De ferbouwing sil oer twa of trije jier klear wêze.
De direksje kin noch net sizze oft de ynvestearring ekstra banen opsmyt.
Ardagh ferwachtet wol te groeien op de lange termyn. Op 't heden wurkje 150 minsken by it blikfabryk.