Jûn Tsjêbbe Hettinga op tv

08 mrt 2013 - 12:52

Yn ferbân mei it ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga werhellet Omrop Fryslân freedtejûn in dokumintêre oer de Fryske dichter/performer. De werhellings komme yn it plak fan Need op Freed. De útstjoerings binne om 21.30, 22.30 en om 23.30 oere. Need op Freed is op de oare healoeren yn de werhelling te sjen.

De Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga ferstoar tongersdei oan in sykte yn 'e âldens fan 64 jier. Hy hat de Fryske taal en literatuer yn Nederlân en yn it bûtenlân in gesicht jûn troch syn optredens op de Frankfurter Buchmesse en op Poetry.

De dokumintêre stamt út 1998 en hy hat as titel 'Moarn sil it foar ivich maitiid wêze'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)