'Ferkeard byld fan frou'

08 mrt 2013 - 11:33

Media jouwe in te iensidich byld fan hoe't de frou wêze moat en dat is min foar de emansipaasje fan de frou. Dat seit feministe Agnes Könst. It is freed ynternasjonale frouljusdei en dan set tagelyk de Fryske Frouljuswike ek útein.

Yn ferliking mei tritich of fjirtich jier ferlyn is de posysje fan de frou yn Nederlân flink ferbettere. Mar Könst fynt dat der in te perfekt en ûnrealystysk byld jûn wurdt. Froulju en jonge famkes soene dat normaal fine en besykje oan dat byld te foldwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)