Befeiligers dochs subsidiearre
De Stifting Feiligheidssoarch Smellingerlân SVS kin de kommende jierren ek rekkenje op subsydzje fan de gemeente. Der is ûndersocht oft de tafersjochhâlders mear op kommersjele basis ynset wurde kinne troch wurk te dwaan foar bedriuwen en organsaasjes. De gemeenteried hat besletten dat net te dwaan om't de fraach dêrnei te ûnwis is.
Meiwurkers fan SVS hâlde tafersjoch yn winkelsintra, bedriuweterreinen en wenwiken yn Smellingerlân.