Eigen keunstner staasjeportret

08 mrt 2013 - 06:40

It staasjeportret fan de nije kening Willem-Alexander dat yn it gemeentehûs yn Bûtenpost komt te hingjen, moat makke wurde troch in keunstner út Achtkarspelen. Dat wol de PvdA yn de gemeente. Dy hat dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders offisjeel frege. De PvdA seit dat de partij bot hechtet oan de eigen Fryske identiteit en kultuer. En dêrom moat der foar it skilderjen fan it keningsportret keazen wurde foar in Fryske keunstner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)