Bestimming museumgebou socht

Der is noch altyd gjin dúdlikheid oer de takomst fan de gebouwen fan it Fries Museum oan de Turfmerk yn Ljouwert. Op it stuit wurde de gebouwen leechhelle. It Eysingahûs sil de kommende jierren noch brûkt wurde as depot. De monumintale Kânselarij komt wol hielendal leech te stean.
De kosten komme net foar rekken fan it Fries Museum mar fan de Stifting Kânselarij, dy't troch de provinsje subsidearre wurdt. In wurdfierder fan de stifting jout ta dat it op it stuit tige dreech is om in keaper foar de gebouwen te finen.