Wer Harnzer pakt foar ynbraken
De plysje fertinkt in 21-jierrige Harnzer fan belutsenheid by ynbraken. Dy soe er pleegd ha yn syn wenplak en yn de omkriten dêrfan.
Earder waarden al in oare 21-jierrige Harnzer en in 24-jierrige ynwenner fan dy stêd oppakt foar deselde fertinking. De ynbraken wiene dizze winter.
Trefwurden:
wenningynbraken