Besmet feefoer Snits ophelle

07 mrt 2013 - 13:58

It feefoerfabryk fan De Heus yn Snits hellet by inkele tsientallen feehâlders it krachtfoer werom, omdat de kankerferwekkende stof aflatoksine der ynsit. Neffens in wurdfierder fan De Heus giet it wol om in tige lytse konsintraasje, dy't fier ûnder de Nederlânske noarm bliuwt.

De weromheloperaasje is tongersdei begongen en giet ek freed en mooglik sneon noch troch. It foer is besmet rekke troch mais út Servië, Roemenië en Hongarije, dat begongen is te skimmeljen.

Yn it hiele lân helje fabriken op dit stuit foer werom dat fersmoarge rekke is troch dizze partij mais. De saak kaam oan it ljocht, doe't by twa Nederlânske boeren aflatoksine yn de molke fûn waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)