Protest tsjin komst retailpark

07 mrt 2013 - 12:20

Undernimmers fan It Hearrenfean en Weststellingwerf slane de hannen ynien om de komst fan in hypermerk by Stienwyk te kearen.

Se foarmje mei de ûndernimmers fan Stienwyk en Meppel en de gemeenten Weststellingwerf en Westerveld in kollektyf om beswier te meitsjen tsjin de winkel fan 30-tûzen kante meter. De Keamer fan Keaphannel Noard-Nederlân koördinearret it protest. De gemeente Steenwijkerland hat ferline wike grien ljocht jûn foar de komst fan it 'retailpark'.

Trefwurden: 
Wolvegea protest retailpark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)