De Westereen swier teloarsteld

07 mrt 2013 - 11:56

Doarpsbelang De Westereen is swier teloarsteld yn de provinsje Fryslân. Doarpsbelang krige woansdeitejûn te hearren dat it sintrumplan fan De Westereen oanpast wurdt, omdat der gjin bydrage is fan de provinsje, wylst dêr wol op rekkene wie.

In sintrumplan bestie ûnder oare út in nije iis- en skeelerbaan. Op de besteande baan soene 75 huzen komme. Dat plan wurdt no skrast. De nije iis- en skeelerbaan komt der no net en it nijbouplan ek net. Oare ûnderdielen fan it sintrumplan geane wol troch.

It giet dan ûnder oare om in nije brede skoalle en om oanpassing fan sportakkomodaasjes. Wethâlder Bos fan Dantumadiel is ek teloarsteld yn de opstelling fan de provinsje. Hy wol de kommende tiid ûndersykje yn hoefiere de nije provinsjale ynvestearringspot fan 300 miljoen euro ek ynset wurde kin foar de fersterking fan it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)