Rydbewiis kwyt troch drank
In 40-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke. Hy waard pakt mei drank op achter it stjoer.
De Ljouwerter ried oer de Haadwei yn Ljouwert. By in blaastest die bliken dat hy trije kear safolle dronken hie as tastien.