Himpkwekerij ûntdutsen yn hûs

Himp © Omrop Fryslân
By in 23-jierrige Ljouwerter is woansdei by him thús troch de plysje in himpkwekerij ûntdutsen. Yn de wenning oan it Hagedoornplein stiene 138 planten en 22 stekjes.
De plysje wie nei de man tagien omdat hy earder syn freondinne bedrige hie. Hy kaam by de frou oan de doar. Doe't se niet iependie sloech hy op de doar en drige har wat oan te dwaan. De 22-jierre frou hat hjirfan oanjefte dien. De planten yn de wenning fan de man binne ferneatige. De man sit fêst foar ûndersyk.