Skooter stellen yn Marrum

07 mrt 2013 - 09:52

In 32-jierrige ynwenner fan Marrum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Ljouwert oanhâlden, om't er in skooter stellen hie.

In tsjûge op de Breitnerstrjitte waard wekker fan syn hûn en seach troch it rút dat de skooter foar syn hûs wei stellen waard. Hy warskôge de plysje en op syn oanwizings koe de Marrummer oanhâlden wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
scooter stellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)