Oerfaller prostituee oanhâlden

07 mrt 2013 - 09:48

Op It Hearrenfean hat de plysje woansdei de oerfaller fan in prostituee oanhâlden.

De man hie de frou op 4 febrewaris yn in club oan de Munnikstrjitte op It Hearrenfean ûnder bedriging fan in mes fan jild berôve. Plysjeminsken werkenden de man oan syn sinjalemint. Dat waard op de plysjewebside publisearre nei de oerfal. De fertochte is in 44-jierrige ynwenner fan Ter Apel.

Trefwurden: 
Hearrenfean prostituee oerfal
(advertinsje)